Keeper Simon Regnerus makket op 52-jierrige leeftiid rentree by Be Quick Dokkum

In opfallend gesicht dit wykein op de Fryske fuotbalfjilden. De 52-jierrige Simon Regnerus stie as keeper yn de goal by Be Quick Dokkum, yn harren útwedstryd yn de twadde klasse tsjin It Fean '58.
Regnerus wie de ferfanger fan fêste keeper Eelke Kooistra. De feteraan sleepte mei syn ploech in swierbefochten 2-3 oerwinning út it fjoer, mei troch goed keeperswurk fan Regnerus. De Dokkumer goalie stie sân jier lyn foar it lêst tusken de peallen by it earste fan Be Quick, doe tsjin WTOC.

Rentree ienmalich

Simon Regnerus is al jierren in bekend gesicht by Be Quick Dokkum. Oant ferline jier wie hy assistint-trainer fan it earste alvetal. Op dit stuit is hy keeperstrainer. Fierder is Regnerus lid fan fertsjinste, foaral troch syn jierrenlange ynset as trainer. Yn 2014 waard er noch Nederlânsk kampioen mei it 45-plus team fan Be Quick Dokkum.
De rentree fan Simon Regnerus op it heechste nivo wie troch blessueres nedich en is yn prinsipe ienmalich, sa lit wurdfierder Sjoerd Radersma fan de Dokkumer fuotbalklup witte.