Restauraasje Warkumer toerklokken lit noch altyd op him wachtsje

09 mrt 2020 - 13:31

It is al hast oardel jier stil yn Warkum. De klokken fan de toer yn de stêd dogge it net mear. De restauraasje duorret yntusken al mear as in jier en noch altyd is der gjin klok te hearren. En dat liedt ta frustraasje by de opdrachtjouwer. "Dat is tige frustrearjend. By in stêd as Warkum hearre de stedslûden fan in klok."

Rein Boersma fan de Stichting ta behâld fan monuminten leit út wat der krekt oan de hân is. "De klok doocht net en ek it liedwurk moat reparearre wurde. De man dy't it dwaan soe, sit mei syn sûnens en hat it smoardrok." En dus wachtet de stichting al hast oardel jier op it momint dat de klokken wer let wurde kinne.

Boersma: "Dizze man hat ús tasein dat er it klearmeitsje sil, mar dan komme der wer oare saken tuskentroch. De konstruksje fan de toer is klear, mar it wachtsjen is noch altyd op de klokken. Wy sitte dizze man tige achter de broek, benammen ús foarsitter hat der in deitaak oan. Mar wy ha gjin alternatyf, dat is it hiele euvel."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Der binne ek plannen foar in tredde klok yn de toer. De tredde klok soe by deselde klokkemakker besteld wurde, mar yntusken hat de Stichting ta behâld fan monuminten om har hinne sjoen om in klok te bestellen by in jitterij yn Dútslân.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek sjocht by de klokken yn Warkum

(advertinsje)
(advertinsje)