Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW: "Sike wurknimmer earder nei hûs"

09 mrt 2020 - 12:49

Fryske bedriuwen moatte no maatregels nimme om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Dat betsjut dat grutte gearkomsten miskien better ôfsein wurde kinne en sike wurknimmers folle earder nei hûs stjoerd wurde moatte. Dat seit foarsitter Sjoerd Galema fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Fryslân. "Ik tink dat it net de fraach is oft it firus hjir ek komt, mar wannear. It is oan ús allegear om te besykjen de fersprieding sa lang mooglik tsjin te gean."

Hoewol't it firus noch net yn Fryslân is, fernimt it bedriuwslibben neffens Galema al wol de gefolgen. "Der is in flink oantal bedriuwen dat sit te wachten op guod út Sina en dat komt net of folle letter. Dat is fansels hiel ferfelend, want dêrtroch bliuwt it hjir ek stilstean." Ek seit Galema der rekken mei te hâlden dat it firus syn gefolgen hawwe sil foar it toerisme yn Fryslân. "Je sjogge no al dat de mobiliteit fan minsken ôfnimt, benammen yn Noard-Italië, mar ek op oare plakken."

Ekonomyske skea

Hoe grut de ekonomyske skea foar Fryslân wurde kin, is neffens Galema net te foarsizzen. "Op dit stuit binne it benammen de grutte bedriuwen dy't der lêst fan hawwe. It MKB op dit stuit noch wat minder, mar dat kin benammen komme troch it fuortfallen fan sike wurknimmers. Dat moat dan troch oaren opfongen wurde en dat is net sa maklik yn in dochs al krappe arbeidsmerk."

Alderein

De grutste soarch hat Galema lykwols oer de mooglike gefolgen foar de âlderein. "Dy lykje dochs de kwetsberste groep te wêzen en ik fyn dat we as bedriuwslibben ús ferantwurdlikens nimme moatte om foar te kommen dat it firus úteinlik by de alderein telâne komt. As wy as bedriuwen mei maatregels foarkomme kinne dat it firus fierder ferspraat wurdt, dan moatte we dat dwaan."

Sjoerd Galema fan VNO-NCW oer it Coronafirus

Yn it Snitser fersoargingshûs Frittemahof meitsje de âlderen harren net al te drok oer de corona-driging. "Ik sliep der net minder om", seit bewenner Janke de Boer. "As it je tiid is, dan geane je." Eeltsje de Boer is fan betinken dat de minsken hjoed-de-dei fierstente folle reizgje. "Se stappe samar yn it fleantúch nei Sina. Dan moatte je net raar opsjen dat sa'n sykte ek hjir hinne komt."

Bewenners fan Frittemahof yn Snits oer corona

(advertinsje)
(advertinsje)