UPDATE: Brân yn palletfabryk Mearum ûnder kontrôle

De brân op in bedriuweterrein yn Mearum is yntusken ûnder kontrôle. De brân, flak oer de provinsjegrins tsjin de A7, ûntstie yn in opslach fan keunststofpallets. De kommende oeren sil it fjoer noch wol bestriden wurde.
Ferkear moat rekken hâlde mei reek op A7 by Mearum
De brân sloech yn koarte tiid oer nei omlizzende gebouwen. "Inmiddels zijn er vier panden bij de brand betrokken: twee daarvan zijn volledig uitgebrand en bij de andere twee zijn wij druk bezig om te blussen. Maar die zullen vermoedelijk ook volledig uitbranden", fertelt Johan Bosklopper fan de brânwacht Grinslân.
Ferskate brânwachtkorpsen út de regio waarden oproppen om te assistearjen. "Ze kwamen onder andere uit Drogeham, Buitenpost, Ureterp en Drachten." Al mei al wiene der 30 brânwachtauto's aktyf om de brân te dwêsten.
De brânwacht freget minsken om net nei it plak fan de brân te kommen en om romte te jaan oan de helptsjinsten.
Bylden brân te sjen fanút flat Drachten
Johan Bosklopper fan de brânwacht Grinslân