Albert Bosma fynt earste ljipaai fan Opsterlân yn Oerterp

09 mrt 2020 - 12:22

It twadde Fryske ljipaai fan dit jier is fûn yn de gemeente Opsterlân. It wie Albert Bosma dy't it aai moandeitemoarn oantrof yn de buert fan syn wenplak Oerterp.

Foto: BFVW

Om 10.00 oere moarns hinne stjitte Bosma op it nêst mei dêryn ien aai. Syn broer Geert fûn foarich jier it earste ljipaai fan Opsterlân, op hast itselde plak. Dit jier wiene de broers wer tegearre op 'en paad, mar wie Albert de lokkige. It frije fjild fan de gemeente Opsterlân is dêrmei fan no ôf sletten.

It earste Fryske ljipaai fan 2020 waard ôfrûne snein fûn troch Michel van der Goot by Aldegea yn de gemeente De Fryske Marren.

(advertinsje)
(advertinsje)