Belgyske ferfierder Infrabel tsjinnet klacht yn tsjin spoarrinners

09 mrt 2020 - 16:41

De groep studinten dy't ferline wike yn België op it spoar rûn, kaam fan hegeskoalle Van Hall Larenstein út Ljouwert. De studinten diene dat nei in útstapke nei in hartebuorkerij yn Leest, by Mechelen.

Foto: RTV

De hegeskoalle seit yn in earste reaksje bot skrokken te wêzen. "Dit had natuurlijk nooit zo mogen gebeuren. De groep was op excursie en toen is dit gebeurd. Ze zijn er zelf achteraf ook erg van geschrokken."

In kameraploech fan de regionale omrop RTV filme de groep. Op de bylden is te sjen dat de learlingen oer en krekt neist it spoar rinne. Dy bylden soargen foar opskuor yn België.

Klacht yntsjinne

De ferfierder yn België, Infrabel, fynt it ûnbegryplik dat de studinten op it spoar rûn hawwe. "Het is verboden en levensgevaarlijk", seit Frédéric Petit fan Infrabel.

De ferfierder hold de ôfrûne tiid krekt in grutte aksje om minsken bewust te meitsjen fan de gefaren fan spoarrinne. "Wij willen de veiligheid te allen tijde garanderen op het spoorwegnet. Als een grote groep studenten en leerkrachten dan op het spoor staat, is het logisch dat wij dat verder doorverwijzen naar de politie en het parket."

Infrabel hat yntusken in klacht yntsjinne. "We hebben een klacht tegen onbekenden ingediend bij de spoorwegpolitie. Het parket zal op basis van de beelden beslissen wat het gevolg zal zijn van dit incident."

Frédéric Petit fan Infrabel

(advertinsje)
(advertinsje)