Fyftich frijwilligers ferbouwe Skûtsjemuseum yn Earnewâld

09 mrt 2020 - 11:32

Mar leafst fyftich frijwilligers binne drok dwaande mei de ferbouwing fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld. Foar de oanbou achter it museum sykje de manlju âld en bysûnder materiaal. Dat past it bêste by it besteande museum en makket it wer ien gehiel, fynt foarsitter Harm de Vlas.

"Der komt in ekstra romte foar útstallingen", leit Harm de Vlas út as er frege wurdt nei de reden foar de útbou fan it Skûtsjemuseum. "Dêrûnder komt in nije wurkromte foar frijwilligers. Healwei komt in teäter en dêr wer boppe komt in biblioteek. Hjir komme ferskate romtes yn en dat moatte we aanst noch ynfolje."

It materiaal komt fan ferskate plakken út binnen- en bûtenlân. De dakpannen komme bygelyks út Westergeast. Frijwilligers binne in hiel soad oan it sykjen en sneupen op it ynternet om de moaiste materialen te finen. "Wy hawwe in frijwilliger dy't hiel goed sneupe kin. Dy hat de stuoltsjes foar it teäter fûn yn in tsjerkje yn Hongarije", fertelt De Vlas.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei foarsitter Harm de Vlas

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Der is in team fan fyftich frijwilligers yn it spier om te helpen mei de ferbouwing, dy't eltse tiisdei by inoar komme om de evaluaasje te besprekken. "Wy hawwe in geweldige frijwillgersklup", fynt ien fan de frijwilligers.

Wiemer Hoekstra is de âldste frijwilliger fan mar leafst 90 jier, mar stekt noch graach de hannen út de mouwen om mei te helpen. Hoekstra is berne op in skûtsje en alle tiisdeis helpt er mei it wurk. "As er hjir op tiisdeitemoarn komt yn syn wite auto, dan giet de kleppe iepen, hellet er it doaske mei ark tefoarskyn en moatte we wer oan 'e gong", fertelt De Vlas. "Wiemer fynt it prachtich dat it allegearre ferboud wurdt."

De planning is dat de boufakkers dy't no it earste ein bouwe, mei in wike as trije klear binne. "Dan meitsje wy it mei ús eigen minsken oant de hjerst ta ôf. Takom winter wurdt it ien gehiel makke. Dus de iepening fan it hiele spul leit begjin folgjend jier yn de planning", fertelt De Vlas.

Johanna Brinkman is yn it Skûtsjemuseum

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(advertinsje)
(advertinsje)