Plysje traktearret útnaaiende scooterrider op fjouwer boetes

09 mrt 2020 - 10:05

In 18-jierrige bestjoerder fan in scooter is sneontejûn troch de plysje traktearre op mar leafst fjouwer boetes. De jonge krige op de Emmakade in stopteken fan de plysje mar besocht út te naaien. Dat slagge lykwols net hielendal sa't er hope hie.

Scooter - Foto: Shutterstock.com

De plysje sette de achterfolging yn, wêrby't de scooterrider op de Rengersleane yn Ljouwert klem riden waard en ûnderút gong. Hy krige boetes foar it negearjen fan in stopteken, te hurd riden, ride sûnder rydbewiis en gefaarlik rydgedrach.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert scooter
(advertinsje)
(advertinsje)