Lektor Joana Duarte no ek bysûnder heechlearaar yn Amsterdam

09 mrt 2020 - 09:27

Lektor Joana Duarte fan Ljouwert is bysûnder heechlearaar wrâldboargerskip en twatalich ûnderwiis wurden oan de Universiteit fan Amsterdam. Earder dit jier waard Duarte ek al beneamd as lektor meartalichheid by hegeskoalle NHL Stenden. Yn Amsterdam wol se it Frysk in bysûnder plak jaan.

Joana da Silveira Duarte - Foto: NHL/Stenden

Duarte komt oarspronklik út Portugal en wurket sûnt 2016 foar de Ryksuniversiteit Grins en hegeskoalle NHL Stenden. Se jout kolleezjes oer meartalichheid en begeliedt skoallen dy't meartaliger wurde wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)