Kollum: "Lyts mar krigel"

09 mrt 2020 - 08:28

"Mar ien op de trije froulju is tefreden mei har boarsten. Dat docht bliken út ûndersyk. En dan giet it net allinnich om froulju yn Nederlân, mar oer de hiele wrâld is dit ûndersyk hâlden. Dat betsjut dus dat mar leafst twa op de trije froulju nét tefreden binne oer harren boarsten. En dat is in protte, fyn ik.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Fan al dy froulju dy't net tefreden binne, fynt hast de helte har boarsten te lyts, wylst 23 prosint se just te grut fynt. Ik ha jierrenlang by dy earste groep heard, de groep dy't har boarsten te lyts fynt. Yntusken tink ik 'fuck it' wannear't ik dy teepûdsjes hingjen sjoch, mar dat hat wol oars west.

Ik wit noch goed dat ik as 'brugpieper' foar it earst yn de klaaikeamer fan de middelbere skoalle yn Drachten stie. Alle famkes hiene fleurich kleurjende bh's oan, wylst ik noch gewoan yn in deeglik wyt himd rûn. Dus yn dy earste wike op de grutte skoalle binne ús mem en ik fuortendaliks om in bh út west.

'In goeie bh mei wat kostje' is ús mem har teory, dus wy gongen nei de Hunkemöller. Ik sjoch dy frou fan de winkel noch it pashokje ynkommen. Se beseach myn platte foargevel en sei doe wifeljend: 'Ik ga eens kijken of ik hier iets voor heb'. Ik hie noch nul komma nul boarstgroei, dus it waard eins gewoan in strak topke. Mar kin it skele, ik hie myn earste bh.

Noch hiel wat kearen ha ik senuweftich yn it klaaihokje fan in linzjerywinkel stien om in bh te passen. En alle kearen waard it in A-cup, soms krekt in B. Bikiny's wiene hielendal in ramp, omdat de aardige motyfkes eins altyd foar de gruttere maten jilden. Dus stie ik as 14-jierrige puber noch mei in Woezel en Pip bikiny oan by it swimbad.

Doe't ik foar it earst op stap gong, ûntduts ik de push up bh's fan de Hema. Dat wie in útkomst, want samar ynienen groeide ik fan cup A nei C. Ik moast der allinnich om tinke dat ik net te fanatyk myn hân opstuts op de dûnsflier, want dan hipte myn bh mei skouderfolling en al sa, floeps, oer myn knyntsjes hinne. En sjoch dy dan mar wer ris nei ûnderen te krijen, sûnder dat it opfalt.

Doe't wy by de kuorbal in feestje hiene mei as tema 'Tiroler Fest' bin ik nei de Zeeman gong om de grutste bh te keapjen dy't der wie. Dy ha'k de jûns fan it feest hielendal foltroppe mei geitewollesokken fan ús heit om de boel fan foaren wat op te fluffen foar myn Tiroler jurkje. Mar wêr't der by in oar mar ien pear sokken yn hoegde, moast ik it hiele sokkelaad yn myn bh kiperje om noch in bytsje resultaat te sjen.

Jierrenlang ha ik my dêrtroch ûnwis field oer myn boarsten. Mar dat is sûnt in oantal jier oer. It is prima wat ik ha. Net te grut, gjin gedoch mei switplakken yn de simmer of lêst fan de rêch mei it sporten. It is goed sa't it is. Lyts mar krigel. Ik hoopje dat dy oare 66 prosint fan de froulju oer in pear jier krekt sa tinkt."

(advertinsje)
(advertinsje)