Ljouwerter (41) betrape troch plysje en mei straf útsitte

09 mrt 2020 - 07:26

In 41-jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei oanhâlden troch de plysje yn syn wenplak. De man hie noch in finzenisstraf dy't er útsitte moast.

De plysje rûn de man tsjin it liif op de Hoekstersingel. De Ljouwerter hie noch in finzenisstraf fan 29 dagen iepen stean. Hy is meinaam nei it buro en koe fuortendaliks begjinne om syn straf út te sitten.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert finzenisstraf
(advertinsje)
(advertinsje)