Skiermûntseach fiert Ynternasjonale Frouljusdei mei moarnsbrochje

09 mrt 2020 - 07:01

Sechtich froulju sitte moandeitemoarn mei harren allen oan in moarnsbrochje op Skiermûntseach. In dei nei Ynternasjonale Frouljusdei wurdt der op it eilân omtinken jûn oan it tema dat dit jier oer frijheid giet. Boargemaster Ineke van Gent fynt it wichtich dat der stil stien wurdt by frijheid fan froulju. "Er is nog volop werk aan de winkel."

Moarnsbrochje op bêd - Foto: Shutterstock.com

It is de tredde kear dat der op Ynternasjonale Frouljusdei in moarnsbrochje organisearre wurdt op Skier. Wat Van Gent oanbelanget wurdt dat in jierlikse tradysje. "Het ontbijt is aanleiding voor een goed gesprek over vrijheid. Dat doen we met heel veel verschillende vrouwen van verschillende leeftijden en achtergronden. Het geeft een verbintenis waar we de rest van het jaar ook voordeel van hebben."

Dit jier wurdt ek 75 jier frijheid fierd op it eilân, dat as lêste stikje fan Nederlân befrijd waard yn 1945 by de Twadde Wrâldoarloch. Van Gent: "Ook daar zullen we dit jaar bij stilstaan."

Boargemaster Ineke van Gent

(advertinsje)
(advertinsje)