"Rapporten oer ûnfeilige tuorren ferdwine te lang yn it laad"

09 mrt 2020 - 06:30

Der is in kâns dat mear tuorren yn Fryslân der min oan ta binne en foar gefaarlike sitewaasjes soargje kinne. Dat blykt út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Neffens de Monumentenwacht komt dat om't der te min dien wurdt mei de warskôgingen en dy fan oare ynspekteurs.

Nei oanlieding fan twa ûnfeilige sitewaasjes mei de tuorren fan it stedhûs yn Boalsert en Hobbe van Baerdt-tsjerke op De Jouwer is Omrop Fryslân yn de wrâld fan de tsjerketoer dûkt. Hoe koe dit barre? En hoe grut is de kâns dat itselde oan de hân is by oare tuorren? De ynspekteurs, eigeners, mar ek de bestriders fan de grutste plaach fan de tuorren komme yn de takom dagen oan it wurd.

De feilichheid fan Fryske tsjerketuorren kin net garandearre wurde. Dat seit boukundige Berthil Wieman. Hy docht al sa'n 30 jier boukundige keuringen wêrfan acht jier by Monumentenwacht Noord-Holland. Wieman hat ferskate ynspeksjerapporten fan it stedhûs yn Boalsert en de Jouster Toer, dy't Omrop Fryslân opfrege hat, ynsjoen. Beide tuorren wienen al jierren yn in hiele minne steat en soene sels libbensgefaarlik wêze.

Foto: Omrop Fryslân

"Dit had voorkomen kunnen worden"

Wieman konkludearret dat de eigeners net genôch prioriteit oan advys út de ynspeksjes jûn hawwe. "Dit was nooit nodig geweest als er op tijd iets gedaan kon zijn. Dit had voorkomen kunnen worden. Ze hebben er geen prioriteit aan gegeven."

Dit sjogge we ek yn de rapporten fan de Jouster toer werom. De advizen op de wurksumheden fan 2010 en 2012 binne identyk. En yn 2015 wurdt troch de ynspeksje swamoantaasting sjoen yn de ikehouten kontruksje fan de koepel. Der stiet dat de oantaaste dielen ferfongen wurde moatte binnen twa jier tiid. As de ynspeksje trije jier letter, yn maaie 2018, wer delkomt is it probleem yn de koepel net oplost.

Foto: Omrop Fryslân

Eigener gemeente De Fryske Marren seit hjiroer: "We kijken naar de punten die Slecht en Matig scoren en nemen aanbevelingen van de Monumentenwacht over, waarbij we wel prioriteiten stellen: de bouwkundige zaken gaan vaak voor de 'uiterlijkheden' zoals gebladderde muurverf. Een Matige score wordt niet altijd meteen uitgevoerd, omdat dit dan nog niet hoeft en omdat we het op een later moment kunnen combineren en volledig vervangen."

De rapporten verdwijnen maar al te vaak in een la, zonder dat er adequaat wordt gereageerd of naar gekeken wordt.

Boukundige Berthil Wieman

Ut de rapporten fan de toer yn Boalsert kinne ek in pear saken helle wurde. Yn in rapport út 2010 stiet dat gemeente Súdwest-Fryslân de skuorren yn it lead op de balustrade herstelle moat en ferankeringen behannelje moat tsjin roest. Fjouwer jier letter stean presys deselde saken wer yn it rapport.

Ynspeksjerapporten ferdwine yn it laad

Wieman sjocht hjir net fan op. "Mijn ervaring uit het verleden is helaas dat de rapporten maar al te vaak in een la verdwijnen, zonder dat er adequaat wordt gereageerd of naar gekeken wordt." Ek direkteur Afke Draijer fan Monumentenwacht Noord-Nederland, dy't ferantwurdlik is foar in grut part fan de ynspeksjes op de Fryske tuorren, komt min of mear ta deselde konklúzje. "Dat komt best vaak voor. Iedereen heeft natuurlijk zijn budget en agenda." Neffens Draijer bliuwe rapporten faak lizzen oant der dochs al in opknapbeurt ynpland stiet.

In oar probleem komt nei foaren as grutte organisaasjes eigener binne fan in toer. Dit wie ek it gefal yn Boalsert en op De Jouwer. It is neffens Draijer folle makliker ôfspraken te meitsjen mei partikulieren dêr't je ien op ien mei sitte kinne. "De twee voorbeelden die hier genoemd worden, zijn organisaties met heel verschillende afdelingen en mensen. Waar het soms wel wat lastig kan liggen. Degene die je dan spreekt, heeft niet de bevoegdheid om het ook aan te pakken. Daarom schrijven we altijd alles op, zodat het makkelijk doorgeven is aan andere mensen."

(advertinsje)
(advertinsje)