Ferkearskontrôle plysje Ljouwert: drugs- en drankriders oanhâlden

08 mrt 2020 - 21:14

De plysje hat sneontejûn en sneontenacht hiel wat boeten útdield nei meardere kontrôles yn Ljouwert. Ien bestjoerder wie ûnder ynfloed fan drugs en hie harddrugs by him. Hy is oanhâlden en sit fêst.

Foto: Plysje

Ek oare bestjoerders krigen in boete of in rydferbod. Sa rieden meardere minsken ûnder ynfloed fan bygelyks THC, amfetamine en kokaïne. Ek hiene fjouwer minsken tefolle drank op om noch ride te meien.

Twa bestjoerders waarden oanhâlden om't se sûnder fersekering rieden. Ien automobilist gie mei 54 kilometer yn 'e oere te hurd oer de dyk en kriget dêrfoar in flinke boete.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drugs kontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)