Michel (25) fûn it earste ljipaai: "Doe't ik belje soe, wie myn telefoan leech"

09 mrt 2020 - 10:00

"It momint dat ik hearde dat dit de earste fan Fryslân wie, dan slacht je hert suver oer!" Dat sei de 25-jierrige Michel van der Goot fan Himmelum, dy't sneintemiddei om trije oere hinne it earste ljipaai fan ús provinsje fûn. It aai lei yn 'e greide by Aldegea (De Fryske Marren).

Michel van der Goot oer de fynst fan it earste ljipaai:

"Hjir dogge je it úteinlik foar", seit Michel van der Goot. "It is machtich dat je dit in kear meimeitsje meie. En moai dat der omtinken foar is!"

"Batterij leech"

Hy wie mei syn maat Peter Kerkstra op 'n paad troch de fjilden by Aldegea. Krekt nei trijen fûn hy dêr yn 'e greide it earste aai, mar hy hie de fynst hast net trochjaan kinnen. "Ik soe de telefoan út de bûse helle, mar de batterij wie leech! Mar Peter hie gelokkich syn telefoan ek mei en doe koene wy dochs belje."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

In soad hat de 25-jierrige net socht dit jier. "Wy hawwe wol inkelde kearen it fjild yn west. Mar wy binne net mear hiele dagen op 'n paad, sa't dat eartiids wol gie."

De útrikking fan de Sulveren Ljip troch kommissaris fan de Kening Arno Brok:

(advertinsje)
(advertinsje)