Rein oan baanrekôrs op Thialf: "Lean nei wurkjen"

08 mrt 2020 - 19:14

Der waard rap riden op It Hearrenfean yn it lêste reedrydwykein fan it seizoen. IIsmaster Beert Boomsma fan Thialf koe leafst fjouwer baanrekôrs notearje. By sawol de manlju as de froulju waard rapper as ea riden op de 500 en 1.500 meter.

Dêrmei is it in moai wykein foar Boomsma en syn team. "It is in moaie ôfsluting fan it seizoen mei prachtige baanrekôrs. It siet der oan te kommen en hjoed hawwe we it dien."

"Kondysjes wiene goed"

Der waarden earder dit seizoen al wol wat baanrekôrs riden, mar safolle yn ien wykein barde noch net earder. Dochs seach Boomsma it al wol wat oankommen. "Mei hege luchtdruk sieten we der al hieltyd tsjinoan. No is de luchtdruk in bytsje normaal. Justerjûn hawwe de jonges it iis fantastysk preparearre. Fannemoarn ha we noch in pear dinkjes bysteld. De kondysjes wiene goed, dan witte we dat it hiel hurd kin."

Boomsma neamt it 'lean nei wurkjen' dat der snein sa hurd riden waard. De 500 meter foar manlju seach er wol oankommen, mar de oare trije minder. "34,0 hiene we wol tocht. Mar alle fjouwer is fansels prachtich."

Nije baanrekôrs op Thialf

Ofstân Rider âlde baanrekôr Alde baanrekôr Rider nije baanrekôr Nije baanrekôr
500 meter froulju Nao Kodaira (2018) 37,17 Angelina Golikova 37,02
500 meter manlju Michel Mulder (2013) 34,31 Tatsuya Shinhama 34,07
1500 meter froulju Ireen Wüst (2018) 1.53,30 Ireen Wüst 1.53,10
1500 meter manlju Denis Yuskov (2015) 1.43,36 Kjeld Nuis 1.43,00

Mei de wrâldbekerfinale sit it reedrydseizoen der no op. De kommende wiken sille de iismasters fan Thialf dwaande om it iis klear te meitsjen mei de lêste twa eveneminten fan it seizoen: it NK beljeie foar Fryske hynders en it wrâldkampioenskip iisspeedway. Dêr is noch wol it ien en oar foar nedich.

Miljoen liter wetter

"It iis is no hiel tin, twa sintimeter. We moatte nei tweintich sintimeter. Dat is ek in útdaging. Der moat noch in miljoen liter wetter opfrieze. Earst hawwe we de Fryske hynders, dan de motoaren en dan sjogge we wol wat we fan it simmer dogge."

(advertinsje)
(advertinsje)