Stroetinga en Bergsma net yn de prizen by massastart

Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma hawwe gjin medalje helje kinnen by de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. De beide manlju lieten harren op de massastart wol sjen yn de finale fan de wedstriid, mar koene gjin rol spylje yn de einsprint.
Stroetinga oer de massastart op Thialf:
Arjan Stroetinga
Yn it earste part fan de koers liet Bergsma him net echt sjen, hy ried in grut part efteryn it peloton. In tal ronden foar de ein besocht de Boarnster it wol, mar hy krige net genôch romte en waard yn de lêste ronde byhelle. Hy einige dêrtroch tsiende.
Stroetinga siet yn de lêste ronde noch aardich foaryn, mar yn de lêste bocht waard er hast ûnderút riden troch in Súd-Koreaan. Dêrtroch koe er net meisprinte en einige er as fyftjinde.

Klasseminten

Bergsma einiget yn it wrâldbekerklassemint op de massastart as sânde en Stroetinga as alfde.
© Orange Pictures