Michel van der Goot (25) fynt earste ljipaai by Aldegea

08 mrt 2020 - 18:01

It earste ljipaai fan Fryslân is sneintemiddei fûn by Aldegea (De Fryske Marren). De 25-jierrige Michel van der Goot fan Himmelum fûn it aai krekt nei trije oere sneintemiddei. Neffens tradysje kriget hy út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok de Sulveren Ljip foar syn fynst.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferline jier waard it earste ljipaai fan Fryslân en Nederlân op 28 febrewaris fûn yn Vegelinsoard troch Eduard van der Hoek fan Grou. Nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn. It eardere rekôr stie op 2 maart yn 1998.

(advertinsje)
(advertinsje)