Wüst fynt yn Reggeborgh nije ploech: "Kan niet beter, toch?"

Ireen Wüst rydt oant en mei de Olympyske Spelen fan 2022 by Team Reggeborgh. Dat makke de reedrydster snein bekend nei de lêste wedstriid fan it seizoen, de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean. Dêr wûn Wüst it klassemint op de 1.500 meter.
Ireen Wüst oer har nije reedrydploech:
Ireen Wüst nije ploech
Trochdat sponsor Infestos nei dit reedrydseizoen ophâldt as jildsjitter fan team TalentNED, moast Wüst op syk nei in nije ploech. Dat wurdt dus Reggeborgh, dêr't Gerard van Velde coach is. "Ik ben super blij. Het is een fantastische ploeg met fantastische rijders en staf", fertelde Wüst sneintemiddei yn Thialf. "Ik kijk er heel erg naar uit om er de komende twee jaar te schaatsen."

"Past perfect"

Dat Reggeborgh benammen sprinters yn de ploech hat, is neffens Wüst net slim en ek net hielendal wier. "Er zijn ook genoeg die 1000 en 1500 meters rijden, dus dat past perfect. Ik ga me specialiseren op de 1500 meter. Het allrounden zet ik op een lager pitje."
It is foar Wüst hiel noflik dat der foar it yngean fan de simmer dúdlikheid is oer har takomst. It betsjut dat se har yn har fakânsje net drok hoecht te meitsjen oer it binnenheljen fan sponsoren en it finen fan in nije ploech. "Dit kan niet beter, toch?", einiget Wüst.
© Orange Pictures