Kreaze útoerwinning tsjin Blauw-Wit fersekeret LDODK fan play-offs

08 mrt 2020 - 19:45

De kuorballers fan LDODK hawwe sneintemiddei in kreaze oerwinning behelle tsjin Blauw-Wit Amsterdam. Yn de drege útwedstriid tsjin de Amsterdammers pakten de Friezen de winst: 20-23. Mei de oerwinning is LDODK wis fan de play-offs.

Friso Boode fan LDODK oer it beheljen fan de play-offs:

De earste faze fan de wedstriid gie oant 5-5 lykop. Dêrnei pakte LDODK in foarsprong. Troch doelpunten fan ûnder mear André Zwart, Friso Boode, Femke Faber en Marloes Frieswijk waard it 6-12 yn it foardiel fan de Fryske kuorballers.

Blauw-Wit kaam mei inkelde doelpunten wat tichter by LDODK, mar troch twa kreaze goals fan Femke Faber bleau it ferskil by it skoft bestean: 10-13 yn it foardiel fan de Friezen.

Trainer Gerald Aukes fan Blauw-Wit Amsterdam:

Nei it skoft pakte LDODK it earste punt, mar dêrnei kaam Blauw-Wit Amsterdam rap werom. Mei twa strafworpen en twa skotten fan ôfstân stiene de Amsterdammers hast wer neist LDODK: 16-17.

Spannend

Oant 19-20 bleau it spannend, mar dêrnei setten de Friezen oan. Mei goals fan Femke Faber en Marloes Frieswijk pakte LDODK úteinlik mei 20-23 in kreaze oerwinning.

It wie foar LDODK de lêste útwedstriid yn de reguliere kompetysje. Hjirnei moat de ploech noch ien wedstriid spylje.

Julian Frieswijk fan LDODK

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma
(advertinsje)
(advertinsje)