Plysje siket tsjûgen fan strjitrôf yn Ljouwert

08 mrt 2020 - 15:34

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf sneintemoarn yn it Julianapark yn Ljouwert. Om tsien oere sneintemoarn hinne waard in fytser dêr troch twa manlju oerfallen.

Foto: Plysje

It slachtoffer foel fan de fyts en syn kaaien en jild waarden meinommen. Wa't mear wit oer de strjitrôf yn it Julianapark, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)