Wüst wint wrâldbekerklassemint 1.500 meter en rydt baanrekôr

08 mrt 2020 - 14:28

Ireen Wüst is it reedrydseizoen op fantastyske wize einige. Op Thialf ried se yn de lêste wrâldbekerwedstriid fan de 1.500 meter nei de oerwinning. Dat die se ek nochris yn in nij baanrekôr: 1.53,10. Wüst wint hjirmei ek it wrâldbekerklassemint. Antoinette de Jong moast genôch nimme mei it fiifde plak.

Ireen Wüst en Antoinette de Jong oer de 1.500 meter:

It bleau lang spannend yn de rit fan Wüst tsjin Miho Takagi. De Japanse besocht de Friezinne yn de lêste meters noch foarby te gean, mar dêr by gie se ûnderút wêrtroch't sy op har rêch oer de finish kaam. Wüst luts har dêr neat fan oan en ried de rapste tiid ea op Thialf. Se ferbettere it baanrekôr, dat sy yn desimber 2018 sels riden hie, mei twa tsienden.

Ireen Wüst - Foto: Orange Pictures

De Jong ried 1.54,80 en seach dat yn de rit nei har Ivanie Blondin en Elizaveta Kazelina net oan har tiid komme koene. Dat betsjut dat se dy foarby giet yn it klassemint. Foarôf stie De Jong dêryn sânde, mar se giet dus omheech nei it fiifde plak.

Einklassemint wrâldbekers 1500 meter froulju

1. Ireen Wüst 342 punten
2. Miho Takagi 260 punten
3. Evgeniia Lalenkova 260 punten
4. Melissa Wijfje 243 punten
5. Antoinette de Jong 222 punten
(advertinsje)
(advertinsje)