Germ Gerbrandy: "Drugskriminaliteit yn Fryslân te lang net serieus naam"

"De drugskriminaliteit yn Fryslân is te lang net serieus naam". Dat stelde Earste Keamerlid en âld-boargemaster Germ Gerbrandy yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. "Wy hawwe lang tocht dat soks allinne problemen fan Limboarch en Brabân wiene, of de Rânestêd. Mar hjir spilet it ek. Wat wy no sjogge yn Easterwâlde, earder yn Wânswert, is noch net iens it topke fan de iisberch."
Germ Gerbrandy (OSF/FNP), Jaap Stalenburg (PvdA) en Aukje de Vries (VVD) © Omrop Fryslân, René Koster
PvdA-steatelid Jaap Stalenburg is benammen benaud fan de ynfloed dy't dizze foarm fan kriminaliteit hat op minsken yn it bestjoer. "Die komen steeds meer onder druk te staan. Je ziet elders al dat burgemeesters of wethouders al moeten onderduiken omdat ze hun leven niet veilig zijn."
Ek VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries makket har soargen. "It wurdt hieltyd mear, mar ek earnstiger. Se skrikke der net foar werom om in advokaat del te sjitten, dat hawwe wy sjoen. Dêrom sille wy noch mear ynvestearje moatte om de saneamde 'ondermijning' tsjin te gean. It liket no as rinne wy der efteroan, wylst wy foarop rinne moatte."
In fragmint út it Nijsfoarum