Bestjoerder rekket út 'e tiid en rydt tsjin wente yn Ljouwert

08 mrt 2020 - 13:53

Op de Wijbrand de Geeststrjitte yn Ljouwert is sneintemiddei in bestjoerder fan in auto út 'e tiid rekke. De auto ried troch, oer in túnhek en kaam tsjin in wenning ta stilstân. De bestjoerder moast reanimearre wurde. Dat waard earst dien troch omstanners, letter troch ynskeakele ambulânsepersoniel. It slachtoffer is mei haast nei it sikehûs brocht.

Foto: Kappers Media

De frou fan de bestjoerder, dy't ek yn de auto siet, is net ferwûne rekke. De strjitte hat in skofkte ôfsletten west.

(advertinsje)
(advertinsje)