Jong AZ - Cambuur: "Wy spylje in thúswedstriid"

08 mrt 2020 - 13:45

"Gjin sfear op it trainingskompleks fan AZ yn Wijdewormer? Wy spylje dêr in thúswedstriid". Sa reagearre trainer Henk de Jong fan Cambuur op de fraach oft it dreech wie om te spyljen yn de ambiance fan in trainingskompleks. Der geane moandei 200 Cambuursupporters nei Wijdewormer. Der wie folle mear fraach nei kaarten, mar de saneamde 'lokale driehoek' fûn it net ferantwurde dat der mear supporters komme.

Cambuur spilet tsjin Jong AZ dat nei alle gedachten ek bestean sil út ferskate spilers dy't ek geregeld meidogge mei it earste fan de ploech út Alkmaar. Henk de Jong: "Je kinne sizze dat soks beynfloedzjend wurket op de kompetysje, mar it is sa as it is. Foar it Nederlânske fuotbal is it goed dat dy jonge alvetallen meidogge yn de earste difyzje. Mar it is dúdlik dat AZ in topteam hat. Mar wy moatte nei ús sels sjen. En wy steane der ek goed op."

De seleksje fan Cambuur sjocht der yndie net min út. Giovanni Korte is wer blessearre en dat jildt ek foar Issa Kallon, Mitchell Paulissen en Jordy van Deelen. Mar, de sleksje is breed. Antonia heakket wer oan en sit by de seleksje.

En dat jildt ek foar Sam Hendriks. Foar it earst sûnt Hendriks refalidearret by Cambuur wurdt hy taheakke oan de seleksje. Henk de Jong: "Dat is moai foar dy jonge. Hy leit hiel goed yn de groep en wy kinne noch wol wille oan him belibje. Dit is wer in stap yn syn refalidaasje".

Hendriks sels is ek bliid dat hy wer in stap dwaan kin. "Ja, dit is is wel een momentje. Of ik dat nu al verwacht had? Nou, mijn revalidatie verloopt zonder problemen heel voorspoedig. Ik had gedacht zo'n acht wedstrijden nog mee te kunnen doen. Dat zijn er nu tien, dus dat is goed".

De fraach is wat Hendriks noch betsjutte kin foar Cambuur. "Ik hoop nog mijn steentje bij te kunnen dragen aan promotie", sa sei hy snein nei de training.

Cambuur begjint oan de wedstriid mei Jong AZ yn de opstelling fan de twadde helte tsjin Jong PSV. Dat betsjut dat Jamie Jacobs begjint op it middenfjild en dat Michael Breij begjint as rjochtsbûten.

Opstelling Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, MacIntosh, Schmidt; Maulun, Hoedemakers, Jacobs; Oratmangoen, Mühren, Breij.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong AZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)