Sportfrijwilliger Egbert Lagro (78) eare yn Thialf

08 mrt 2020 - 13:04

Sportfrijwilliger Egbert Lagro (78) fan It Hearrenfean hat fan boargemaster Tjeerd van der Zwan in ûnderskieding krigen. Foar syn wurk foar it reedriden en hurdfytsen is hy beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Egbert Largo en Tjeerd van der Zwan - Foto: Martin de Jong

Lagro krige de ûnderskieding yn Thialf, foar de finale Worldcup-wedstriden. Net sûnder reden, want hy is al sûnt 1980 frijwilliger by it reedriden. Hy hat tal fan frijwilligersfunksjes op syn namme: reedrydbestjoerder by de Technyske Kommisje maratonriden yn Thialf, sjuerylid by it KNSB-langebaanriden en maratonriden en steward-parkearwachter by wedstriden op Thialf.

Tusken 1961 en 2017 hat Lagro ek frijwilliger west by it hurdfytsen. Hy wie jongereinlieder by feriening De Friesche Leeuw, siet yn de kommisje cyclocross by de KNWU en hat ferskate funksjes hân by hurdfytsferiening Olympia en Snits.,

(advertinsje)
(advertinsje)