Ljouwerter rydt mei drank op en sûnder rydbewiis

08 mrt 2020 - 08:57

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon in 25-jierrige man út Ljouwert oppakt op it Suderplein. De man hie dúdlik in buorrel tefolle op, mar hy wegere in blaastest. Nei't de plysje kenber makke dat hy oanholden wie, wegere hy ek út de auto te kommen. De plysje naam him mei en doe die bliken dat hy ek noch sûnder rydbewiis yn de auto siet.

Foto: Shutterstock.com (Paul Biryukov)

De Ljouwerter hat in proses-ferbaal krigen. Op it buro die bliken dat hy ek noch in boete fan 3.700 euro iepenstean hie. De man is dêrom ynsletten.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Suderplein
(advertinsje)
(advertinsje)