De oarloch yn Fryske foto's: "Oanwêzigens en terreur"

08 mrt 2020 - 08:43

De Dútske besetter is fan maaie 1940 ôf yn Fryslân. Dat wurdt hieltyd mear sichtber. Soldaten marsjearje troch de strjitten, allerhanne foarwerpen en bisten wurde foardere en politike partijen wurde ferbean. Foar de befolking fan Fryslân betsjut it oanpassing. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.

Pier Nobach is finzen nommen troch de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten fan Smellingerlân - Foto: Tresoar (Fries Fotoarchief)

Grimmitich sjocht er de kamera yn, Pier Nobach (1882-1965). Syn hannen binne fêstbûn, om it skouder hinget it NSB-logo. Nobach wennet krekt oer de grins yn Doezum en is NSB'er. Hy is berucht yn it Frysk-Grinzer grinsgebiet. It giet minsken kâld oer de lea as se syn namme hearre.

Duvel fan it Westerkwartier

Nobach syn frou is Dútsk en syn sweager is Ortskommandant. Sels is er ynformant foar de Sicherheitsdienst (SD). Hy waarmet him oan de macht dy't om him hinne hinget. As Nobach fynt dat ien nei Dútslân moat, dan wurdt dat regele. Hy stiet yn it eastlik Fryslân bekend as 'de duvel fan it Westerkwartier.'

Ferjilding foar de dea

Yn 1943 besiket it ferset Nobach út te skeakeljen. Dêr komt syn soan by om it libben. Nobach is troch it lilke hinne en tinkt dat it ferset fan Surhústerfean ferantwurdlik is foar de dea fan syn soan. As ferjilding lit hy twa manlju eksekutearje. Letter folget in razzia: 38 minsken wurde nei Kamp Vught brocht, twa manlju komme om.

Op 15 april 1945 arrestearret de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten Nobach yn de Surhuzumer Mieden. Hy wurdt feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf. Dochs wurdt Nobach nei in pear moannen alwer frijlitten, fanwege syn minne tastân. Hy ferstjert yn 1965 yn Zaltbommel.

De Ryksargivaris tusken de foardere Fryske tsjerkeklokken - Foto: Tresoar (Fries Fotoarchief)

Hy sjocht wat beteutere nei de tsjerkeklokken, dy't yn 1943 foardere binne. Alexander Lodewijk Heerma van Voss (1894-1948) is Ryksargivaris. Nei de befrijing skriuwt hy: "Einde 1942 dreigden de Duitschers ook naar de Nederlandsche klokken hun begeerige klauwen te zullen uitslaan. Vrijwel alle klokken van na 1800 zijn naar Duitschland afgevoerd." Antike klokken binne omsmolten foar wapentúch. It slagget Heerma van Voss klokken op te spoaren nei de oarloch. Dochs, sa skriuwt de Ryksargivaris, hat hy it idee 'dat ons gewest hier een zeer groot cultureel verlies geleden heeft.'

In parade fan de Nederlandse Arbeidsdienst (NAD) op it Saailân - Foto: Fotograaf: G. H. van Kampen (Historisch Centrum Leeuwarden)

Op it Saailân (Wilhelminaplein) yn Ljouwert is yn april 1943 in manifestaasje fan de Nederlandse Arbeidsdienst (NAD). De NAD-ôfdielingen sjonge it Frysk folksliet en de Dútske flagge wurdt hyst op it Wilhelminaplein, dat yn de oarloch Het Plein hjit. Eltse ferwizing nei de Keninginne wurdt mijd.

"Den indruk van een dwang"

Rykskommissaris Arthur Seyss-Inquart (1892-1946) sprekt Ljouwert ta: "Zoolang een van u den arbeidsdienst gevoelt als dwang, heeft hij de beteekenis van den arbeidsdienst nog in het geheel niet begrepen." Nee, sa sei er, sy wiene byinoar 'voor de verwezenlijking van een gedachte.'

De taspraak seit in soad oer syn ideeën oer de 'superieurens' fan guon befolkingsgroepen: "Ik heb dan ook heden voor u slechts één wensch, dat gij openhartige, opgewekte mannen zijt, bereid zich in te zetten, die zich vooral bewust worden van hun volksche en rasverantwoordelijkheid in het volk en in den grooteren kring der Germaansche volken."

De Tiger-radarstelling by West-Skylge - Foto: Fotograaf: J.D. de Jong (Fotoarchief Leeuwarder Courant)

Bunkers en radars

Dizze foto toant de Tiger-radarstelling by West-Skylge. Dy radars binne wichtich om alliearde bommewerpers te spotten. Op de foto is de mear as 40 meter hege Wassermann-radarantenne te sjen. De Waadeilannen binne in wichtige skeakel yn de Atlantikwall, de Dútske ferdigeningsliny mei bunkers, ôfwargeskut en radars. As der in loftoanfal fan de alliearden komt, wurdt it fleanfjild fan Ljouwert ynljochte om mei fleantugen de oanfal ôf te slaan.

Dútske militêren yn Dokkum, yn maaie 1940 - Foto: Vereniging Friesland 1940-1945 (Tresoar, Fries Fotoarchief)
(advertinsje)
(advertinsje)