Hattrick foar Snitser fuotballer Michel Vlap by Anderlecht

Fuotballer Michel Vlap fan Snits hat sneontejûn mei syn ploech Anderlecht yn de Belgyske kompetysje in hattrick notearre. Vlap skoarde yn Brussel trije kear yn it duel yn de middenmoat mei Zulte-Waregem.
© Orange Pictures
De Snitser skoarde it twadde doelpunt foar Anderlecht al nei sechstjin minuten. Ut in penalty wie hy nei it skoft nochris suksesfol en yn de 83ste minút kaam hy ta in totaal fan trije doelpunten. Anderlecht wûn de wedstriid úteinlik ienfâldich mei 7-0.

Yn de race foar kampioenspûl

Michel Vlap stiet mei Anderlecht op dit stuit op it achtste plak yn de Belgyske kompetysje. Troch dizze oerwinning is Anderlecht noch altyd yn de race foar it heljen fan de kampioenspûl. Anderlecht moat dan by de earste seis einigje.
Vlap skoarde ferline wike al twa kear tsjin Waasland Beveren. Hy spile oant no ta 23 wedstriden en skoarde dêryn alve kear. Hy begûn achttjin kear yn de basis.
© Jan Vlap