Fiif swakke minuten nekje sterk Hearrenfean tsjin Ajax

07 mrt 2020 - 22:39

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn it eigen Abe Lenstra stadion ferlern fan Ajax. De Amsterdammers wûnen mei 3-1, en dat wylst Hearrenfean yn de earste helte better wie. Trije tige rappe doelpunten fan Ajax nei it skoft soargen lykwols foar in te grutte efterstân.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean spile foar it earst mei de nije haadsponsor Ausnutria op it tenu.

De earste grutte kâns fan de wedstriid wie foar de Friezen. Juliën Timber helle Alen Halilovic nei in kertier ûnderút en krige dêrfoar giel. De frije traap fan Hicham Faik gie mar krekt neist it doel.

Kânsen, mar gjin doelpunten

In pear minuten letter wie ek Chidera Ejuke ticht by in goal. De Nigeriaanske dribbeler stjoerde Daley Blind op prachtige wize de bosk yn en gie dêrnei ek Nicolas Tagliafico foarby, mar syn skot waard rêden troch André Onana. Efkes letter krige ek Ajax in kâns, mar Bednarek brocht rêding op de frije traap fan Quincey Promes.

De doelman moast him in pear minuten letter wer sjen litte nei in hurd skot fan Dusan Tadic, en in kopbal fan Traoré. Fuort dêrnei skeat Ejuke oan de oare kant fan it fjild op 'e fuotten fan Onana.

Ejuke hie it op de heupen en joech krekt foar it skoft ek in goeie foarset op Alen Halilovic. De Kroäat krige de bal sa'n bytsje op de doelline, mar skeat tsjin syn eigen foet oan en miste. Hearrenfean gie nettsjinsteande in protte grutte kânsen dus mei 0-0 it skoft yn.

Foto: Orange Pictures

De twadde helte begûn dêr't dy foar it skoft mei einige: balbesit foar Ajax, mar kânsen foar Hearrenfean. Joey Veerman wie hiel ticht by in doelpunt mei in hurd skot, mar Onana koe rêding bringe.

Rappe doelpunten

Oan 'e oare kant wie it yn twa minuten tiid samar 0-2. Tadic krige de bal foar de fuotten en skeat oer keeper Bednarek hinne. Fuort dêrnei wie it opnij Tadic dy't binnen skeat. En noch gjin fiif minuten nei de iepeningsgoal wie it ek al 0-3. Quincy Promes krige de bal nei in misser fan Traoré en skeat hurd efter Bednarek.

De Friezen koene dochs noch wat werom dwaan. Veerman stjoerde Mitchell van Bergen fuort mei in lange bal en hy skoarde mei in hurd skot: 1-3. De efterstân wie lykwols te grut om it noch spannend te meitsjen.

Yn de 85ste minút kaam âld-Hearrenfeanspiler Klaas-Jan Huntelaar noch yn de ploech by Ajax. Yn de blessueretiid tocht Tagliafico de 1-4 te meitsjen, mar hy stie bûtenspul, dus einige de wedstriid yn 1-3.

SC Hearrenfean - Ajax 1-3 (0-0) 57. Tadic 0-1; 60. Tadic 0-2; 63. Promes 0-3, 67. Van Bergen 1-3.

Opstelling SC Hearrenfean: Bednarek; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Veerman, Faik (72/Hajal), Kongolo; Halilovic (72/Odgaard), Ejuke, Van Bergen.

(advertinsje)
(advertinsje)