VC Snits ferliest fan Sliedrecht yn kampioenspûl

07 mrt 2020 - 22:26

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn ferlern fan Sliedrecht Sport. De nûmer twa fan de kampioenspûl wie mei 1-3 (14-25, 25-20, 19-25 en 22-25) te sterk.

VC Snits yn in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

De Snitsers begûnen mei in foarsprong, mar ferlearen de earste set mei 14-25. Yn de twadde set giene beide ploegen lang lykop en VC Snits rûn stadichoan wat út. Mei 25-20 waard de set yn it foardiel fan de Snitsers beslikke en wie it dus wer lyk.

De tredde set waard spannend. Snits en Sliedrecht joegen elkoar net in soad romte en it ferskil waard net grutter as trije punten. Op 19-22 rûnen de besikers út en mei 19-25 wûnen se de set.

Sliedrecht rûn yn de fjirde set út nei 7-12, mar de Friezen werpakten harren en kamen werom ta 15-15. Snits kaam efkes op foarsprong, mar wie dy ek samar wer kwyt. Sliedrecht makke mei 22-25 dien wurk.

Striid om it kampioenskip

De nûmers ien en twa fan de kampioenspûl stride om it Nederlânske kampioenskip. VC Snits stiet no fjirde mei acht punten út fjouwer wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)