Flyers troch nei heale finale BeNe League nei winst op Mechelen

07 mrt 2020 - 22:16

De UNIS Flyers binne troch nei de heale finale fan de BeNe League. De iishockeyers wûnen ek de twadde wedstriid fan de best-of-three tsjin Mechelen Golden Sharks. Sneontejûn waard it 5-1.

Foto: UNIS Flyers

Beide ploegen diene it rêstich oan yn de earste en twadde perioade. Oan de ein fan de twadde perioade wie it noch altyd 0-0.

De Feansters kamen yn de tredde perioade efkes yn de problemen doe't Vermeulen de 1-0 op it skoareboerd sette. De Flyers waarden doe wekker en Lars den Edel skeat al gau de lykmakker binnen. Oardel minút letter soarge Adam Bezak foar de foarsprong. Yn de lêste minuten wreiden Ronald Wurm, Trevor Petersen en Jasper Nordemann de útslach noch út nei 5-1.

Heale finale

De kwartfinales waarden yn in best-of-three systeem spile. Omdat de Flyers freedtejûn ek al wûnen fan Mechelen, is de heale finale dus al wis foar de Feansters.

Ferline wike waarden de Flyers al lânskampioen.

(advertinsje)
(advertinsje)