Fuotbalster Fenna Kalma (20) taheakke oan seleksje Oranjefroulju

07 mrt 2020 - 21:29

Fuotbalster Fenna Kalma fan Haskerhoarne is troch bûnscoach Sarina Wiegman taheakke oan de seleksje fan de Oranjefroulju. Dat hat de KNVB sneontejûn bekend makke.

Foto: Orange Pictures

Kalma fuotballet op dit stuit by de froulju fan FC Twente. Dêrfoar spile se by de froulju fan SC Hearrenfean. Se hat earder wol ris ûnderdiel útmakke fan de spilersgroep fan de Oranjefroulju, mar hat noch net har debút makke.

De Oranjefroulju spilen sneontejûn mei 0-0 lyk tsjin Kanada op it oefentoernoai Tournoi de France. Keepster Loes Geurts kaam dêrmei sneon op in totaal fan 125 wedstriden foar Oranje. Rekôrynternasjonal bliuwt Friezinne Sherida Spitse.

(advertinsje)
(advertinsje)