Gjin corona, mar norofirus oantroffen by meiwurkers en gasten Ljouwerter restaurant

Guon meiwurkers en gasten fan it restaurant Proefverlof yn Ljouwert binne besmet mei it norofirus. Dat docht bliken út ûndersyk fan GGD Fryslân. It restaurant gie freed ticht nei't guon minsken siik waarden.
© Google Street View
It bedriuw makke sels freed al bekend dat it nei alle gedachten om in búkgrypfirus gie. Ut it ûndersyk fan de GGD docht bliken dat it giet om it norofirus. Dat firus is tige besmetlik en liedt ta búkklachten.
Yn oerlis mei de NVWA, de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, wurdt it restaurant yngreven skjinmakke. Nei alle gedachten kin Proefverlof tiisdei wer iepene wurde.