Ljouwerter studinten rinne oer spoar yn België, ferfierder lilk

De Belgyske spoarbehearder Infrabel is lilk op in groep learlingen fan in skoalle út Ljouwert. De studinten, dy't in útstapke mei skoalle hiene, soene ôfrûne woansdei by Leest (by Mechelen) oer it spoar rûn hawwe. Dat meldt de regionale omrop RTV.
© RTV
In kameraploech fan RTV hat de studinten op byld fêstlein. Dêrop is te sjen dat de learlingen oer en krekt neist it spoar rinne.
De groep studinten soe út Ljouwert komme. It giet neffens RTV om sa'n tachtich studinten dy't op útstapke wiene nei in hartebuorkerij by Leest. Hoefolle fan har krekt oer it spoar rûn hawwe, is net dúdlik. In begelieder fan de studinten soe net yngrepen hawwe.

Klacht yntsjinne

De ferfierder yn België, Infrabel, fynt it ûnbegryplik dat de studinten op it spoar rûn hawwe. Infrabel hat tsjin harren in klacht yntsjinne.