FIDEO: Definsje bout oan Alvestêdebrêge yn Ljouwert

Definsje boude sneon in brêge oer de Harnzerfeart yn Ljouwert. It is de brêge dy't yn it gefal fan in Alvestêdetocht oer it wetter komt te lizzen. Gewoanwei oefenet Definsje op oefenterreinen, mar yn dit gefal hawwe de Alvestêdeferiening en de gemeente Ljouwert frege om dat hjir te dwaan. As de Alvestêdetocht wer ris komt, sammelje de reedriders harren yn de Alvestêdehal. Dizze brêge soarget dan foar in koartere rûte nei de Swette, dêr't de tocht begjint.
FIDEO: Alvestêdebrêge