Krekt gjin medalje foar Letitia de Jong op 1.000 meter

07 mrt 2020 - 17:24

Letitia de Jong fan Feanwâlden is by de wrâldbekerwedstriid op It Hearrenfean as fjirde einige op de 1.000 meter. Se ried har rapste tiid ea op Thialf: 1.14,41. Genôch foar it poadium wie it lykwols net. De oerwinning gie nei Jutta Leerdam yn 1.13,69.

Letitia de Jong oer de 1.000 meter op Thialf:

De Amerikaanske Brittany Bowe koe yn de lêste rit net mear ûnder de tiid fan Leerdam dûke en einige mei 1.13,98 as twadde. Miho Takagi út Japan pakte it brûns mei 1.13,99.

"Hoopje dat dit gjin gewoante wurdt"

Foar De Jong wie it har rapste tiid ea op Thialf, mar it wie dochs net genôch foar in medalje. "Ik baal der wol echt fan, mar ik ried in goeie race", seit Letitia de Jong. "It ferskil mei it poadium wie noch wol grut. Ik bin no in pear kear fjirde wurden. Ik hoopje dat dit gjin gewoante wurdt en dat ik hjirnei it poadium wol helje."

Yn it wrâldbekerklassemint makket De Jong noch in lytse sprong. Se begûn as nûmer tsien, mar is úteinlik achtste wurden. De rydster fan Team Iko kaam yn fjouwer fan de fiif wrâldbekers yn aksje. De froulju op it poadium, Bowe, Kodaira en Fatkulina, riden alle fiif wedstriden.

Einklassemint wrâldbekers 1000 meter froulju

1. Brittany Bowe 326 punten
2. Nao Kodaira 256 punten
3. Olga Fatkulina 242 punten
4. Jutta Leerdam 233 punten
5. Daria Kachanova 231 punten
8. Letitia de Jong 196 punten
(advertinsje)
(advertinsje)