ONS Snits kin koprinner net ferrasse, ek Bûtenpost ferliest

07 mrt 2020 - 17:02

ONS Snits hat sneontemiddei net ferrasse kinnen yn de wedstriid tsjin de koprinner fan de tredde difyzje, Sparta Nijkerk. De Snitsers ferlearen mei 4-1. Ek Bûtenpost ferlear: Berkum wie mei 5-0 te sterk yn de wedstriid yn de haadklasse B.

Foto: Orange Pictures

ONS moast oantrêde tsjin koprinner Sparta Nijkerk. De ploegen giene yn it begjin fan de wedstriid lykop en krigen beide in pear lytse kânskes. Nei in goed healoere foel de earste goal. Tyson dos Santos sette de Snitsers ferrassend op foarsprong. Flak foar it skoft makke Sparta wer lyk.

Nei de tee wie it spul benammen foar de thúsploech. Sparta krige in pear grutte kânsen en kaam yn de 65e minút ek ta skoaren. Mo al Haydar kopte in hoekskop binnen. Noch gjin minút letter makke Jerry Geurtsen ek al de 3-1 foar de Nijkerkers. Twa minuten foar tiid waard it noch 4-1 troch in doelpunt fan Wesley de Laat.

ONS bliuwt sechstjinde yn de kompetysje, tsien punten efter DOVO. Hikkesluter VVOG stiet ien punt efter de Snitsers en moat noch in wedstriid ynhelje.

Bûtenpost ferliest mei grutte marzje

De Bûtenposters kamen nei in lytse tweintich minuten spyljen op efterstân. Michel van Aggele skeat raak foar de thúsploech. Chris van der Meulen makke der fiif minuten foar tiid 2-0 fan.

Nei it skoft sette de thúsploech Bûtenpost fuort ûnder druk. In grutte kâns waard neist sketten, mar in minút letter waard it troch in rappe counter 3-0. De Blaukes koene dêrnei efkes yn de oanfal, mar kaam net ta in doelpunt. Dat slagge Berkum yn de 65e minút wol wer: 4-0. Yn de lêste minút waard it ek noch 5-0.

Bûtenpost is noch altyd hikkesluter yn de haadklasse B, mei tsien punten. De ploech fan Jasper Bouma hat noch wol in wedstriid tegoede.

(advertinsje)
(advertinsje)