Op & Ut: Hollandse Meesters on Tour, Koperkanaal 2.0 en in wrâldpremjêre

07 mrt 2020 - 16:46

Alle sneonen binne yn it programma Op & Ut nijsgjirrige saken op radio en tv. Yn de útstjoering fan dizze wike kriget presintator Roelof Lousma besite fan regisseur Henk Roskammer, Baukje oer de Boekewike, Piet & Klaas oer wêr't se mei dwaande binne en noch folle mear.

Hollandse Meesters on Tour

De Hollandse Meesters on Tour binne foar it earst bûten de Rânestêd te sjen. It Kunst & Filmsfestival is sneon yn it Fries Museum en Slieker Film mei ûnder oare trije nije films dy't sneon yn premjêre gean. By ús oan tafel produsint Michiel van Nieuwkerk en keunstner Jeroen Henneman.

Nijs út de natuer mei Johan de Jong:

Nei it grutte sukses ôfrûne wike mei it lûd, hawwe dizze wike wer in nij fûgellûd. Oan de harker om te rieden hokker fûgel dat is.

Waarman Piet Paulusma en túnman Klaas Piekstra:

De sinne skynt en it waait krekt wat minder hurd, mar hâldt dit waar ek stân of kin daliks de reinjas wer út 'e kast? Piet praat ús by.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân Op & Ut
(advertinsje)
(advertinsje)