Gjin poadium foar Bergsma, Roest wint 5.000 meter

07 mrt 2020 - 16:37

It is Jorrit Bergsma net slagge om op it poadium te einigjen by de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Op de 5.000 meter einige de rider fan Aldeboarn yn in tiid fan 6.16,43 as fiifde. De oerwinning gie nei Patrick Roest, dy't mei 6.11,15 goed twa sekonden boppe syn eigen baanrekôr siet.

Jorrit Bergsma oer syn fiifde plak:

De nûmers twa en trije kamen út Kanada. Graeme Fish, wrâldkampioen op de 10.000 meter, wûn syn rit fan Ted-Jan Bloemen yn 6.12,83 om 6.13,72.

Bergsma: "Matich op de 5.000 meter"

Foar Jorrit Bergsma wie it in matige lêste 5.000 meter fan it seizoen. "It koe minder, mar it moat eins wol better", fynt Bergsma. "Dit is eins de tiid dy't ik it hiele jier al ryd. Ik haw it hiele seizoen al dat dy 5.000 meter krekt net wol eins. Ik moat der krekt wat tefolle foar wurkje en dat brekt my op oan de ein."

Yn it wrâldbekerklassemint einiget Bergsma as sechde. It klassemint wurdt opmakke oer de wrâldbekers op de 5.000 en 10.000 meter. Foar de ôfslutende 5.000 meter stie Bergsma sânde, mar hy giet noch in plak omheech. De Boarnster giet Davide Ghiotto noch foarby. Dy stie boppe him, mar waard op It Hearrenfean tsiende.

Einklassemint wrâldbekers 5000/10000 meter manlju

1. Patrick Roest 360 punten
2. Danila Semerikov 323 punten
3. Graeme Fish 306 punten
4. Ted-Jan Bloemen 292 punten
5. Alexander Rumyantsev 263 punten
6. Jorrit Bergsma 250 punten
(advertinsje)
(advertinsje)