Douwe de Vries kriget gouden spjelde by ôfskied: "Emosjoneel, mar moai"

08 mrt 2020 - 17:26

Douwe de Vries hat sneon in gouden spjelde krigen by syn ôfskied op Thialf. De reedrider dy't tongersdei bekend makke dat er de redens oan de wylgen hinget, waard yn it sintsje set troch reedrydbûn KNSB.

Douwe de Vries mei it gouden spjeld op it boarst - Foto: Orange Pictures

Nei't De Vries de gouden spjelde krige, ried er noch in eareronde foar in fol Thialf. It reedrydbûn jout riders in gouden spjelde dy't 'zich in de actieve schaatssport of de skatesport op algemeen erkende bijzondere wijze hebben onderscheiden'.

Douwe de Vries moast by syn ôfskiedsronde op Thialf wol in trientsje fuortfeie. "As je mei safolle minsken ôfskied nimme, en mei freonen en famylje derby, dan is dat wol emosjoneel. Mar it makket it wol geweldich moai."

"Tûzenen berjochtsjes krigen"

De reedrider hat hiel wat reaksjes hân nei't hy ferline wike bekend makke dat hy ophâlde soe. "Echt wol hûnderten, miskien wol tûzenen berjochtsjes. It jout my in hiel goed gefoel, dat minsken it wurdearje."

Spyt fan syn beslissing hat De Vries noch net. "As je in kar meitsje, dan steane je der ek achter", sa seit hy. "Der komt wol wer wat nijs op myn paad!"

Fiif kear wrâldkampioen

De Vries waard fiif kear wrâldkampioen op de ploege-efterfolging. Ferline jier kroande de Hallumer, dy't op It Hearrenfean wennet, him ek ta nasjonaal kampioen allround.

Douwe de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)