Omrop TIP: Mannen fan it frije fjild

Aaisikersklup 'De Ald Hij' fan Dearsum fiert dizze maitiid syn 100-jierrich jubileum. Trije jier lyn makke Albert Jensma mei harren de Fryslân DOK: 'Mannen fan it frije fjild'. In film oer hoe't de ljip as nasjonale held en it ljipaaisykjen as omstriden foarjierstradysje, yn Fryslân libbet. Is der sûnt dy tiid wat feroare?
De Dearsumer aaisikers binne noch like mismoedich as doe. Der is neat yn it foardiel fan de ljip feroare. De skries hat it ferline jier al wat better dien, mar oer it generaal giet it mei de greidefûgels yn Fryslân striemin. En neat wiist derop dat it fansels better wurde sil.
Boer en fûgelbeskermer Murk Nijdam út Wommels sjocht en heart neat leaver as de skries yn syn lân. Hy is dwaande mei in aksje om it 'paradys foar de skries', dat syn lân no is, te behâlden. It Agrarisch Natuurfonds Fryslân makket it mooglik om in stikje fan syn grûn te keapjen en sa te 'adoptearjen' foar de skries.
In broedsje (nêst mei fjouwer ljipaaien) © Omrop Fryslân
Tusken 1960 en 2020 is it oantal greidefûgels yn Fryslân mei sa'n santich persint ôfnommen. Troch grutte feroaringen yn it lânskip hawwe ljippen, strânljippen, skriezen en tjirken amper kâns har jongen grut te bringen op it boerelân. Mar ek yn de spesjaal dêrfoar oanwiisde natuergebieten slagget dat mar foar in lyts part.
Dêrom mei der no al fiif jier op rige net mear aaisocht wurde, en is it de fraach at it oait wol wer kin. Net as it sa beroerd bliuwt. Sa driget mei de greidefûgel ek de tradisjonele aaisiker, de âlde 'raper' - mar ek beskermer fan aaien en piken yn de neisoarchtiid - foargoed út it Fryske lânskip te ferdwinen.
Klaas Elzinga en Klaas Stapensea © Omrop Fryslân
Aaisykjen mei net mear, mar aaisikersklup De Ald Hij bestiet dochs 100 jier. Fryslân DOK nimt yn 'Mannen fan it frije fjild' (revisited) de sjogger opnij mei it fjild yn. Programmamakker Albert Jensma is by in pear fûleindige fjildmannen dy't, elk op har eigen wize, alles yn it wurk sette om de greidefûgels, mar ek de tradysje fan it aaisykjen foar Fryslân te bewarjen.
Fryslân Dok: 'Mannen fan it frije fjild' (revisited)
7 maart, 15.30 oere, NPO 2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 8 maart 13.10)
8 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)