Antoinette de Jong twadde by lêste wrâldbekerwedstriid op 3.000 meter

07 mrt 2020 - 15:38

De lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen op de 3.000 meter is sneon krekt net wûn troch Antoinette de Jong. De rydster fan team Jumbo-Visma ried by de wrâldbekerfinale op Thialf nei 4.00,03, mar yn de lêste rit dûkte de Kanadeeske Isabelle Weidemann mei 3.59,75 krekt ûnder de tiid fan De Jong. Reina Anema einige yn 4.08,81 as tsiende.

Reedrydsters Antoinette de Jong en Reina Anema oer harren 3.000 meter:

It poadium wurdt kompleet makke troch de Russyske Natalia Voronina, dy't finishte yn 4.01,33. It klassemint fan de 3.000 meter wurdt kombinearre mei de 5.000 meter.

Foar Antoinette de Jong wie it suer dat Weidemann oan de ein fan ritten noch krekt ûnder har earste tiid dûkte. "In bytsje wol. Yn sa'n fol Thialf wolst gewoan winne. Ik bin wol tefreden oer myn race, mar it koe krekt noch wat better."

Dat De Jong no sa goed yn foarm is, komt foar har te let. "Foar my hie it seizoen wol wat langer duorje mochten", fynt se. "Mar ik kin wol mei in goed gefoel de simmer yn."

Wrâldbekerklassemint

De Jong stie foarôf oan de lêste wedstriid op it sechde plak fan it wrâldbekerklassemint. Mar trochdat der dûbele punten te fertsjinjen binne yn de lêste wrâldbeker, makket se in lytse sprong yn it klassemint. Se giet fan plak seis nei plak fiif. Dêrmei fertsjinnet se 4.000 Amerikaanske dollars plus noch ris 3.000 dollar foar it twadde plak.

Anema einiget as njoggende yn it wrâldbekerklassemint. It smyt har 2.000 dollar op.

Einklassemint wrâldbekers 3000/5000 meter froulju

1. Martina Sablikova 357 punten
2. Isabelle Weidemann 353 punten
3. Ivanie Blondin 314 punten
4. Natalia Voronina 311 punten
5. Antoinette de Jong 274 punten
9. Reina Anema 222 punten
(advertinsje)
(advertinsje)