Bestelbuske giet yn flammen op by Elslo

07 mrt 2020 - 14:58

Op de Donkereweg by Elslo is sneontemiddei in bestelbus troch brân ferwoaste. In ynwenner fan Easterwâlde wie mei in buske ûnderweis nei in garaazjebedriuw yn Boyl, om't de koppeling stikken wie. Dêrtroch waard de koppeling te hjit en kaam it buske net fierder dan de Donkereweg. De brânwacht fan Noardwâlde ried út om de flammen te bestriden.

Foto: De Vries Media

By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Foar safier bekend is der gjinien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
brân Elslo
(advertinsje)
(advertinsje)