SKS ûndersiket mooglikheden feroarjen wedstriidfolchoarder skûtsjesilen

08 mrt 2020 - 16:00

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) start in ûndersyk nei de mooglikheid om de wedstriidfolchoarder fan de skûtsjesylwedstriden te feroarjen. Dat is sneontemiddei op de jiergearkomste fan de SKS besletten.

It bestjoer wie tsjin it foarstel, omdat yn 2016 besletten waard de kommende tsien jier neat oan de folchoarder te dwaan. Mar op de fergadering die by hân opstekken bliken dat in mearderheid der foar is om dochs nei de folchoarder te sjen. Dêrfoar sil in kommisje yn it libben roppen wurde.

Foarsitter René Nagelhout

It foarstel om de folchoarder te feroarjen, waard earder yntsjinne troch de Ljouwerter skûtsjekommisje. Wichtichste ûnderdiel fan dat foarstel is om de finalewedstriid net op de Snitsermar te fersilen, mar op 'e Lemmer. Dat soe mear publyk opsmite, sawol by de wedstriid as by de priisútrikking. SKS foarsitter René Nagelhout seit dat in wurkgroep nei it foarstel sjen sil. Dat sil de nedige tiid nimme omdat feroaring fan de folchoarder logistyk in hiel soad fuotten yn'e ierde hat.

Wedstriidbylden

Op de gearkomste is ek besletten dat de wedstriid sjuery fan dit seizoen ôf by protesten gebrûk meitsje kin fan wedstriidbylden fan Omrop Fryslân. It giet dan om de bylden dy't ek op telefyzje útstjoerd binne, dus de iepenbiere bylden. Bylden troch oaren makke wurde net troch de sjuery yn beskôging naam.

Wrâlderfgoed

It bestjoer is mei in oanfraach dwaande om it skûtsjesilen op de Unesco Immaterieel Werelderfgoedlijst te krijen. Bedoeling dêrfan is om sa yn breed ferbân offisjele erkenning te krijen foar de unike status fan it SKS skûtsjesilen en om de kearnwearden fan it skûtsjesilen fêst te lizzen en te behâlden foar takomstige generaasjes.

Jubileum

De SKS bestiet dit jier 75 jier. Dat wurdt op ferskate wizen fierd. Op 4 juny set yn it skipfeartmuseum in spesjale skûtsjetentoanstelling útein. Dan wurdt ek in jubileumboek presintearre. Op 4 july is der in resepsje en in jubileumwedstriid op Langwar.

Vice-foarsitter Hilda Boesjes

SKS Skûtsjesilen by Langwar op de Langwarder Wielen, fan de pier ôf sjoen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)