Sjoernaliste Barbara van Beukering oer Fryslân, de Rânestêd en de dea

07 mrt 2020 - 13:37

'Je kunt het maar één keer doen', dat is de titel fan it lêste boek fan Barbara van Beukering dat koartlyn ferskynde. Yn it boek praat se oer de dea en it deagean. It is gjin hânboek foar de rouferwurking, mar it biedt minsken wol treast. Al wie it mar fanwege de iepen en taboeleaze wize wêrop't se mei it tema omgiet en tichtby harsels bliuwt.

Barbara van Beukering is hikke en tein yn Drachten, mar wurke jierren yn de mediawrâld yn de Rânestêd. Sa wurke se foar de TROS, de AVRO, Volkskrant Magazine en wie se acht jier haadredakteur fan Het Parool. Ferline jier ferskynde fan har hân de bestseller 'Kruip nooit achter een geranium'.

Se wennet no wer yn Fryslân en Henk te Biesebeek socht har op foar in goed petear oer Fryslân, de Rânestêd en de kleau dêrtusken, mar ek oer de dea en it ferstjerren en de ein fan har eigen libben. "Natuurlijk zie ik daar enorm tegenop! Maar we gaan allemaal. Hier is nog nooit iemand levend weggekomen..."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It petear tusken Henk te Biesebeek en Barbara van Beukering is snein te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries.

Barbara van Beukering fertelt oer har boek

(advertinsje)
(advertinsje)