It Lege Midden sammelet jild yn foar kattebellen foar losrinnende katten

07 mrt 2020 - 12:21

Gebietskoöperaasje It Lege Midden is dwaande mei in crowdfundingsaksje om kattebellen te keapjen foar losrinnende katten. Se hoopje op dy wize wat te dwaan oan de slachting dy't katten oanrjochtsje ûnder greidefûgels.

Foto: Omrop Fryslân

It Lege Midden is in agrarysk kollektyf dat him dwaande hâldt mei it útfieren en koördinearjen fan agrarysk natuerbehear yn it midden fan Fryslân. "Weidevogelbeheer is een van onze speerpunten", leit Brenda Dijkstra út, betinker fan de aksje. "Van mensen in het veld met wie wij samenwerken, zoals nazorgers, maar ook jagers, krijgen wij steeds meer signalen dat het aantal katten enorm is toegenomen de afgelopen tijd."

Bewustwêzen fergrutsje

Dêrom sette de koöperaasje in kampanje op om it bewustwêzen by kateigeners te fergrutsjen. "Wij willen aandacht vragen voor wat mensen hun lieve huiskat, die overdag lekker ligt te spinnen in de vensterbank, 's nachts doet." Kateigeners kinne by It Lege Midden in bantsje mei in beltsje deroan oanfreegje en krije dêrby ynformaasje oer hoe't se foarkomme kinne dat harren katten nachts it fjild yn gean. "Mensen onderschatten wat katten 's nachts doen", seit Dijkstra.

Wylde katten

Ek wol It Lege Midden it probleem fan wylde katten oanpakke. "Er zijn veel boerderijkatten die regelmatig nestjes krijgen. De katers daarvan verwilderen en gaan hun eigen territorium zoeken." Boeren wurdt dêrom oanret om harren katers te kastrearjen. "Er worden ook wel katten gedumpt. Die richten helaas ook schade aan."

De aksje sil úteinsette as der genôch jild ophelle is mei de crowdfundingsaksje.

Brenda Dijkstra, betinker fan de aksje

(advertinsje)
(advertinsje)