Auto giet yn flammen op by Fryske Peallen

07 mrt 2020 - 11:32

Op it carpoolplak lâns de A7 by Fryske Peallen is sneontemoarn in auto folslein útbaarnd. Dêr kaam in soad reek by frij.

Foto: ProNews

De swarte rook wie yn de fierre omjouwing te sjen. De brânwacht fan Oerterp waard oproppen om it fjoer út te meitsjen, mar dy koe net foarkomme dat de auto folslein ferlern gie.

Foar safier bekend rekke der gjinien ferwûne. In berger is oproppen om de útbaarnde auto fuort te heljen.

Trefwurden: 
auto brân Fryske Peallen
(advertinsje)
(advertinsje)