Botsing tusken klassike legerjeep en auto yn Lippenhuzen

07 mrt 2020 - 11:09

Op de krusing fan de Boerestreek mei De Buorren yn Lippenhuzen binne sneontemoarn in persoane-auto en in legerjeep út de Twadde Wrâldoarloch op elkoar botst.

Foto: ProNews

De bestjoerder fan de jeep soe neffens omstanners út syn wein slingere wêze nei de oanriding. Hy rekke hjirby ferwûne en moast troch ambulânsepersoniel behannele wurde. Ek de bestjoerder fan de persoane-auto soe by it ûngelok ferwûne rekke wêze. Ien fan de bestjoerders soe ôffierd wêze nei it sikehûs.

De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)