Fjirtjin Fryske medaljes op beroppekampioenskip 'Skills The Finals'

07 mrt 2020 - 09:58

Leafst trettjin studinten hawwe freedtejûn in priis yn 'e wacht sleept op 'Skills The Finals', it Nederlânsk kampioenskip beroppen foar mbo- en vmbo-studinten. Mear as 400 finalisten toanden de ôfrûne trije dagen har talinten oan tal fan sjueryleden. Dit barde allegear op de flier fan it WTC Expo yn Ljouwert.

Skills The Finals wurdt organisearre troch WorldSkills Netherlands, yn gearwurking mei mbo-skoallen. Harren doel is om it vmbo en it mbo posityf ûnder de oandacht te bringen. It evenemint waard dit jier foar it earst hâlden yn Fryslân. Der wiene finales yn mear as 50 spesjalismen. De measte waarden hâlden yn it WTC. Guon fûnen lykwols plak op oare lokaasjes yn de provinsje, om't de útfiering derfan, bygelyks by it frezen, net mooglik wie yn it WTC.

De dielnimmers kamen út alle hoeken fan it lân nei Ljouwert. Yn de ôfrûne wike kamen der sa'n 12.500 besikers del. Dêromhinne wiene der ek tal fan bedriuwen oanwêzich om learlingen te ynteressearjen foar beroppen.

Finale

Freedtejûn wie de priisútrikking fan de grutste ferzje fan Skills The Finals ea. Sa'n 2.400 besikers wiene tsjûge fan de priisútrikkingen. Yn de bomfolle en útferkochte seal makken presintators Tim Douwsma en Siham Raijoul de winners bekend. Leafst 49 fakkampioenen yn 53 beroppen waarden huldige. Fjirtjin Friezen foelen dêrby yn de prizen. Op ien nei wiene dat allegearre learlingen fan ROC Friese Poort.

Frysk sukses op Skills The Finals

Plak Namme Kategory
1 Ynola Lommertse Kapper
1 Wessel de Haan CNC Frezer
1 Grietje Jager Bedriuwsadministrateur
1 Thomas Kelderman Befeiliger
1 Lysanne Deinum Toskedokterassistint
1 Marit Fennema Maatskiplike soarch
1 Noa Vrieswijk Juridysk administratyf meiwurker
1 Ayse Güler en Wendy Nauta Hanthavener Tafersjoch en Feiligens
2 Ruben van Zanten Kok
2 Melanie de Jong Doktersassistint
2 Daniel Silvius ICT-behearder
2 Jort Wassenaar Lasser MIG/MAG
3 Nynke Heijenga Boulangier
3 Hendrik Tol Lasser TIG

Twa fan harren meie fan 16 oant en mei 20 septimber meidwaan oan de EuroSkills, de Europeeske kampioenskippen foar beroppen, yn it Eastenrykse Graz: Wessel de Haan wûn goud yn de kategory CNC Frezen en Ynola Lommertse pakte it goud as kapster. Sy geane de striid oan mei yn totaal 1.600 jonge fakminsken út hiel Europa.

Earder ynterviewden wy kok Ruben van Zanten en ynstallateur Brian Fox, dy't beiden meidiene oan Skills The Finals.

(advertinsje)
(advertinsje)